Russia is waging a disgraceful war on Ukraine.     Stai con l'Ucraina!
  • Die Twa

    Frjemd Sa As It Rint • Die Twa

Condividere
Dimensione del font
Originale

Testo della canzone: Frjemd Sa As It Rint

Frjemd sa as it rint,
Yn it libben wat ik libje
Giet it nea sa’t ik ferwachte hie,
It rint altyd wer oars
 
Kies ik in leuke rûte,
Leit de dyk der wer ris út,
Flean ik sûnder jas nei bûten,
Falt it mei bakken út’e loft
 
Want wêr ’t ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf
It giet my noait echt foar de wyn
 
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn,
Oan ’e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op ’e grûn
 
Frjemd sa as it rint,
Sjoch ik in jas stean yn ’e blêden,
Mar yn alle alve stêden,
Is myn maat al útferkocht
 
Dus mar wer op nei hûs
Want ik bin al fierste let
Troch dy drokte yn ’e stêd
In giel papierke op it rút
 
Want wêr ’t ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf
It giet my noait echt foar de wyn
 
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn
Oan ’e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op ‘e grûn
 
Dochs haw ik neat te kleien
It is net altyd likemin,
As it net kin sa as it moat,
Dan moat it mar sa as it kin
 
Want wêr ’t ik gean of stean,
Wat ik doch of wat ik fyn
It brekt my by de hânnen ôf,
It giet my noait echt foar de wyn
 
Al sit it tsjin, sit it libben fol mei wanhoop en frustraasjes
Der is altyd wol wer ljocht tichtby
Al wie ik noch sa fier fan hûs, haw ik it paed werom wer fûn
Oan ’e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op ‘e grûn
Oan ’e ein fan eltse reis, stean ik dochs wer mei de poatsjes op ‘e grûn
 

 

Die Twa: 3 più popolari
Commenti