Russia is waging a disgraceful war on Ukraine.     Sta achter Oekraïne!
  • Twarres

    By My • De Júste Snaar

Deel
Lettertypegrootte
Originele teksten

By My songtekst

Hoe koe ik dat no witte
Datsto my earder ferlitte soest
Dat it skaad fan 'e sinne
Oan ús fertelt wer't we binne no
 
Ek al bisto noch sa fij
Doch bin ik foar altyd by dy
 
Foar altyd by dy
Want do hearst by my
Myn skaad is by dy
Foar altyd by my
Want ik hear by dy
 
Oh watsto sjochst dat is myn't
Myn leafde dy't troch de moanne skynt
Fan wat ik net sein haw, haw ik sa'n spyt
Sûnder wurden mar sa'n fertriet
 
Ja sa libbest doch mei my
Want ik bin foar altiid by dy
 
Foar altyd by dy
Want do hearst by my
Myn skaad is by dy
Foar altyd by dy
Want ik hear by dy
 
Ek al bin ik noch sa fij
Ik mis dy
En yn de sinne sjoch ik dy
Do bliuwst by my
 
Foar altyd by dy
Want do hearst by my
Myn skaad is by dy
 
Foar altyd by dy
Want do hearst by my
Myn skaad is by dy
Foar altyd by my
Want ik hear by dy
 

 

Vertalingen van "By My"
Twarres: Top 3
Gegeven reacties